FRL | Keningsbal PC

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Dizze PC-keningsbal is nei mear as hûndert jier noch altyd it heechst berikbere foar keatsende manlju. De PC, de Permanente Kommisje, waard yn 1853 oprjochte om it keatsen, dat yn finansjele noed siet, te behâlden. De partij is no de meast oansprekkende keatspartij fan it jier en ien fan de âldste noch besteande sporteveneminten yn Nederlân. De keningpriis is yn it Fryske keatsen tradisjoneel foar de bêste keatser út it winnende trijetal, keazen troch in spesjale kommisje, wêrfan de leden meastentiids geheim bliuwe.

De krânse en de keningsbal om de nekke van Pieter van Tuinen, nei ôfrin fan de PC fan 1997

De Kommissaris fan de Kening skonk dizze keningbal by it tritichjierrich bestean fan de Permanente Kommisje yn 1883. Syn persoanlike wapen stiet op de efterkant, op de foarkant stiet in keatstafriel. Op de bal stiet ek in fers fan njoggen rigels. It is skreaun troch de deputearre Jacobus van Loon (1821 – 1903). Der wie in wedstriid útskreaun om gedichten te sammeljen. It is twiveleftich oft dit it bêste fers wie. De Fryske folksdichter Waling Dykstra (1821 – 1914) skreau in fers dat nei alle gedachten better wie, mar dat waard net keazen. It liket derop dat de Kommissaris om persoanlike redenen foar it fers fan Van Loon keazen hat.

De 120e PC yn 1973. Sjouke de Boer krijt de keningsbal omhongen troch prinsesse Beatrix. Prins Claus soe sein hawwe: “U bent nu koning, ik ben slechts een prins…”

Mar ien kear yn de lange skiednis fan de PC waard de keningbal wegere. Reitse Mienstra wegere de priis yn 1971 om godstsjinstige redenen. As Jehovatsjûge fûn er dat er himsels net boppe syn keatsfreonen stelle mocht. Piet Jetze Faber wegere nea en dat hoecht ek net. Hy helle fjouwer keningstitels op de PC, noch altyd in rekôr.

Net eltsenien wit dat der eins twa keningsballen binne. Jo sjogge no nei it orizjineel. Omdat de bal fan grutte wearde is, hat de PC in replika meitsje litten. Ien kear yn it jier ferlit it orzjineel dit museum. By de priisútrikking kriijt de winner dy omhongen.

Lykwols, bûten it each fan it grutte publyk wurdt it orizjineel gau ferfongen troch de replika. Dy mei mei it feest yn en dan mei nei hûs. It orizjineel giet fuortendalik werom nei it museum, dêr’t wy it efter befeilige glês yn it sicht fan de kamera’s bewarje.

De PC is in barren dêr’t jo eins by wêze moatte om it echt te belibjen. Understeande lûdsopname jout in ympresje fan de finale fan 2018. De wedstriid einige mei alles oan’e hang. Dat is it momint yn de wedstriid wêryn beide keatsende partijen it maksimaal oantal te beheljen punten hawwe, op ien nei. Dat makket de folgjende slach allesbeslissend. In soarte fan golden goal dus. Wa’t de lêste slach wint, wint de PC.

 

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Klaverke Fjouwer & Fjouwer Wimpels

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

It Klaverke Fjouwer is in priis foar manlike keatsers dy’t fjouwer wichtige en klassike keatspartijen wûn hawwe: de PC, de Bûnspartij, de Jong Nederlân en de Freulepartij. De priis is ynsteld troch de PC. De priis is net foar alle keatsers weilein. Dat komt trochdat keatsers oare goeie keatsers nedich hawwe dy’t foar deselde feriening útkomme. By de PC kinne keatsers sels kieze mei wa’t se keatse wolle. De oare partijen binne ôfdielingspartijen, wedstriden dêr’t keatst wurdt mei keatsers út itselde doarp of út deselde stêd. In goeie keatser mei minder goeie maten binnen deselde feriening hat dêrom minder kâns.

Nettsjinsteande dat is it in wichtige priis. Binnen de keatswrâld sels ien fan de belangrykste, al is it mar omdat der mar trettjin keatsers binne dy’t it slagge om dizze fjouwer partijen op harren namme te skriuwen. Ids Jousma wie yn 1920 de earste winner. Hans Wassenaar yn 2017 de lêste. Wassenaar ferwurde fuortendalik nei it winnen fan de Bûnspartij en it Klaverke Fjouwer, op in hiel moaie wize, it belang fan de priis foar de keatsers: “Hjir haw ik alles foar dien, dat siet hiel djip.”

Emoasje by Hans Wassenaar, de lêste winner fan it Klaverke Fjouwer (foto: PERK Media)

Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 de keatsers dy’t it Klaverke Fjouwer it fluchst hellen: fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen sy de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie yntiids de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dizze yn itselde jier as de oare twa.

It is te tankjen oan de organisaasje fan de Ald Meierspartij yn Hitzum, oprjochte om it famkeskeatsen te stimulearjen, dat der no ek in fariant op it Klaverke Fjouwer is foar froulju. Dy neame wy De 4 Wimpels. De Ald Meierspartij is foar famkes wat foar jonges de Freulepartij yn Wommels is: de wichtichste partij fan it jier. Foar De 4 Wimpels moat in keatsster de Ald Meierspartij winne, de Jong Famme Partij, de Frouljus PC en de Bûnspartij foar froulju (troch it keatsbûn ek wol it NK Froulju neamd).

Fjouwer winners fan de Fjouwer Wimpels by elkoar: Sjoukje Visser, Sjanet Wijnia, Fenna Zeinstra en Aukje van Kuiken (flnr). De 5e en 6e winners, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra, steane net op dizze foto (foto: PERK Media)

De 4 Wimpels binne in stik jonger as it Klaverke Fjouwer. Dat komt ûnder oaren omdat de Jong Famme partij (in partij foar junioaren) pas yn 2004 foar it earst ferkeatst waard. Dêrom binne der mar, of dochs al, seis keatssters dy’t De 4 Wimpels yn besit hawwe. Byldhouwer Hans Jouta fan Ferwert, dy’t ek it stânbyld fan Johan Cruijff makke hat dat foar de Johan Cruijff Arena yn Amsterdam stiet, hat it ûntwerp foar de priis makke. Juwelier Auke Kramer út Frjentsjer hat it earste eksimplaar makke.

 

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Klaas Bijlsma

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Klaas Bijlsma fan Frjentsjer, ek wol bekend as Mister PC, wie in Nederlânske politikus, notaris en advokaat. Yn de keatssport is er benammen bekend as de langst sitttende foarsitter fan de PC. Hy beklaaide dy funksje fan 1929 oant 1973. Om dy reden waard er beneamd ta Lid fan Fertsjinste fan it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn. Syn rekôr sil nea ferbrutsen wurde, omdat der yn ‘e tuskentiid fêststeld is dat de foarsitter fan de PC nei syn santichste libbensjier ferplichte is om út de kommisje te stappen.

De PC yn 1969 yn Frjentsjer. PC-foarsitter Klaas Bijlsma sprekt it winnende partoer fan de PC fan 1968 ta. Fan links ne rjochts: Johan van Seijst (Frjentsjer), kening Tamme Velstra (Baerd) en Johannes Westra (Ljouwert)

Master Bijlsma hie as advokaat en politikus goed leard om yn it iepenbier te sprekken. It wie in talint, dat er as foarsitter fan de PC faak en graach brûkte. Syn taspraken wiene lang en ynhâldlik fol ferwizings nei sowol de aktualiteit as de Grykske en Romeinske mytology. Yn it ûndersteande fragmint leit Bijlsma út wêrom’t er himsels, blykber wiene der kritisi dy’t dat fûnen, sa faak werhelle.

Op de PC hâlde er sels middeis in rede fan in oere. Net eltsenien koe dat wurdearje. Benammen keatsers hiene der in hekel oan. Der is in foto fan PC-winner Hein Zijlstra út Deinum dy’t in bytsje mismoedich stiet te harkjen.

Klaas Bijlsma oan it wurd, mei oan syn side keatser Hein Zijlstra

By de PC fan 1942 is Bijlsma net oanwêzich. Hy waard oppakt troch de Dútske besetter en oerbrocht nei Kamp Beekvliet yn Sint Michielsgestel. Hy wegere akten te passearjen wêrmei’t Joadsk eigendom oerdroegen waard oan de besetter. It Keatsmuseum hat yn 2021 in sigarekistje krigen dat yn septimber 1943 as priis ferkeatst waard yn it ynternearringskamp.

Klaas Bijlsma wie op dat momint al frijlitten. Master Bijlsma wist dat der yn Sint Michielsgestel keatst wurde koe, en it is dus tinkber dat hy derfoar soarge hat dat it sigarekistje as keatspriis yn Sint Michielsgestel bedarre. Mar om’t er dêroer letter nea wat ferteld hat, bliuwe der in soad fragen oer. Hoe kaam it dêr yn Sint Michielsgestel? Wa hat de priis wûn? Siet it fol mei sigaren of dochs wat oars? En wa hat it nei de oarloch bewarre?

It is hoe dan ek in bjusterbaarlike keatspriis. Bjusterbaarlik is in Frysk wurd dat master Bijlsma faak en graach brûkte. Dêrtroch is it gefoelsmjittich sterk ferbûn oan de PC. It wurd wurdt brûkt as eat grutte ferwûndering opropt en dat is wis by de PC foar in soad minsken it gefal.

De PC fan 1973 yn Frjentsjer. Prinsesse Beatrix yn petear mei PC-foarsitter Klaas Bijlsma

Klaas Bijlsma ferstoar yn 1975 yn syn berteplak Frjentsjer.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Keatsklau

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Yn de achttjinde en begjin njoggentjinde ieu hong der somtiden in keatsklau bûten oan in herberch. As dêr in keatsbal yn siet, betsjutte it dat der binnen immen wie dy’t in oar útdage om tsjin him te keatsen. Yn de measte gefallen wie de ynset in jildbedrach of it beteljen fan it drankjild nei ôfrin.

Keatsklauwen yn meardere soarten en maten. De komôf is net bekend.

Kastleins begûnen yn dizze perioade mei de organisaasje fan keatspartijen om sulveren keatsballen, tabaksdoazen, leppels, foarken en oare moaie objekten. Nei ôfrin wie der steefêst in priisútrikking yn herberch of kroech. De kastlein fertsjinne dêr in moai bedrach oan en guon keatsers ek. Dizze foarm fan keatsen hie ek in kearside. De faak negative útspattings – tink oan dronkenskip en fjochtpartijen – lieden ta delgong en ôftakeling fan de keatssport.

Yndirekt hat dizze wylde perioade sûnder echte regels oanlieding west foar de oprjochting fan de PC. Yn 1853 stutsen fiif Frjentsjerter notabelen de koppen byinoar en rôpen de Permanente Commissie yn it libben, ôfkoarte en bekend wurden as de PC. It doel wie de organisaasje fan in fatsoenlike en reglemintêre jierlikse keatswedstriid. Yn 1854 waard dizze PC-keatspartij foar it earst hâlden. De partij is útgroeid ta de wichtichste keatswedstriid fan it jier mei sa’n tsientûzen taskôgers.

O ja… Nuver, mar wier… It Keatsmuseum hat nea in foto fine kinnen fan in keatsklau, sichtber hingjend oan de gevel fan in herberch of kafee… Wy witte dat it barde. Bewiis yn de foarm fan byldmateriaal is der lykwols net.

 

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Klassemint Aller Tiden

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

It Klassement Aller Tiden komt ta stân troch it optellen fan alle behelle resultaten fan senioaren-wedstriden op it heechste nivo. In earste priis telt foar trije punten, in twadde priis foar twa punten en in tredde priis foar ien punt. Jierrenlang stie Hotze Schuil fan Harns boppe-oan yn it klassemint mei 876 punten, ûnder oaren troch 185 earste prizen te winnen.

Hotze Schuil, master yn it bespyljen fan it publyk (foto: Sjoerd Andringa)

It like in net te ferbetterjen oantal oant Piet Jetze Faber op 14 septimber 1990 it rekôr ferbettere. Hy wûn 188 kear in earste priis en in totaal fan 885 punten. Dêrmei ferbruts er it ûnberikbere rekord.

Piet Jetze Faber yn aksje

Wie it rekord fan Piet Jetze Faber dan ûnberikber?

Lang waard tocht fan wol. Mar Taeke Triemstra keatste lang troch stie ein 2022 al op 859 punten. Mear as twahûndert oerwinnings en noch hieltyd aktyf. As ien it rekôr ferbrekke koe, wie hy it. En dat barde dus ek. Sûnt de Rengersdei yn Ljouwert yn 2023 is Triemstra de meast súskesfolle keatser aller tiden en is Piet Jetze Faber syn mear as tritich jier âlde rekôr kwyt.

It seit in soad, mar net alles. Der steane in soad populêre en grutte keatsers yn de Top 10. Tink oan Sake Saakstra, Chris Wassenaar, Klaas van Wieren en Johannes Brandsma. Taede Zijlstra is de âldste keatser yn de list. Hy wûn it Klaverke Fjouwer, wûn njoggen kear de PC en hâlde yn 1942 op mei keatsen. Nei in slimme sykte ferstoar er yn 1946 op 45-jierrige leeftiid. Alle oare keatsers yn it klassemint kamen (lang) nei de Twadde Wrâldoarloch noch yn aksje, doe’t it oantal offisjele keatswedstriden tanaam en de kâns op it winnen fan in priis dus ek.

By de froulju is Afke Hijlkema ûnoantaastber. Se wûn 205 earste priizen en sammele 811 punten. Op it twadde plak stiet Géjanna Buma. Sy behelle, troch 169 prizen, in puntetotaal fan 705. De iennichste noch aktive keatsster yn de Top 10 is Manon Scheepstra. Sy stiet op it tredde plak. Om oan de absolute top fan it klassemint te kommen, sil sy noch jierren keatse moatte. It jout mar oan hoe útsûnderlik de sifers fan Afke Hijlkema binne.

Der stiet dus mar ien keatser yn dy’t foar de oarloch yn aksje kaam. Der binne keatsers dy’t njoggen kear de PC wûnen, mar dy’t net foarkomme yn de top fan it klassemint. Foar de oarloch en tusken 1853 en 1946 waarden klassementen wol byhâlden, mar net altyd like sekuer.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Ynternasjonale Farianten

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

De basis fan de keatssport leit yn Noard-Frânske kleasterhôven, dêr’t yn de tolfde ieu it jeu de paume ûntstie. No wurdt it yn meardere farianten ûnder meardere nammen spile oer de hiele wrâld. De spultechnyk is eins altyd rjochte op it slaan fan de bal, sadat de tsjinstanner him net reglemintêr weromslaan kin. Keatsen komt yn Europa foar yn meardere farianten yn Nederlân, België, Frankryk, Itaalje, Spanje, Ierlân, Wales, Ingelân en Sweden. Dêrneist binne farianten fan de sport populêr yn Midden-Amearika, Sûd-Amearika en de Feriene Steaten.

Yn België is keatsen foaral bekend ûnder de Frânske skriuwwize Jeu de Pelote. It wurdt spile op in ferhurde ûndergrûn mei in trachterfoarmich spylfjild tusken twa ploegen fan fiif persoanen. Yn ‘e omkriten fan Charleroi waard ek it petite balle au tamis spile tusken ploegen fan njoggen keatsers. Ek yn Frankryk spilet men Jeu de Pelote sa’t dat yn België dien wurdt, al binne der ek yn dit lân regionale farianten.

Yn Spanje binne der yn ferskillende regio’s ôfwikende farianten. It Llargues wurdt spile yn ‘e omkriten fan Valencia tusken ploegen fan 3, 4 of 5 spilers. Dêr wurdt ek it Frontó spile, ien tsjin ien of twa tsjin twa. By it Baskyske spul, it Pelota Vasca, wurdt spile mei in foarmuorre, in eftermuorre en in sydmuorre.

De Spanjaarden brochten it keatsen nei Amerika. Yn Bolivia is it ûnder trije nammen bekend: Pelota Vasca, neamd nei de Baskyske fariant, Pelota de Mano (dat betsjut: spylje mei de hân) en Kajcha, in term út de taal fan de oarspronklike bewenners dy’t ‘mei de hân slaan’ betsjut.

Yn de ûndersteande video fan it Fries Film Archief sjochst histoaryske bylden fan meardere ynternasjonale farianten. De film lit ûnder oaren in demonsjstraasje sjen fan Jeu de Pelote, spile troch in team fan Belgyske keatsers, en aksjebylden fan in Baskyske fariant dêrfan.

It Amearikaanske hânbal is troch Ierske emigranten nei de Feriene Steaten brocht. It is de ienmuorre- fariant fan keatsen, dy’t om 2000 hinne yn West-Europa yn opkomst kaam ûnder de sammelnamme Wallball. De lêste jierren dogge ek de Nederlânske, of eins de Fryske, Wallball-spilers goed mei. Der is in lobby oan ‘e gong om fan Wallball úteinlik in Olympyske sport te meitsjen. Fan alle keatsfarianten is Wallball de iennichste balsport dy’t Olympyske ambysjes koesterje mei, omdat it yn in soad lannen op ferskate kontininten spile wurdt.

Yn 1928 is de CIJB (Confédération Internationale du Jeu de Balle) oprjochte, wêrby’t ek de KNKB oansluten is. De CIJB organisearret ynternasjonale toernoaien, dy’t takend wurde oan ien fan de oansluten lannen. De wichtichste toernoaien binne it Europeesk kampioenskip ien kear yn ‘e trije jier en it Wrâldkampioenskip, ek ien kear yn ‘e trije jier. Ek foar de jeugd (oant 19 jier) binne der ynternasjonale toernoaien. Op dizze toernoaien wurde trije farianten spile: it ynternasjonale spul, it Llargues en it Wallball. By in WK kin troch it organisearjende lân noch in pleatslike fariant taheakke wurde oan it toernoai.

Sa koenen de Nederlânske manlju en froulju by it WK 2012 yn eigen lân in gouden WK-medalje winne troch de sterkste te wêzen yn it Fryske spul. Dit WK wie om noch mear redenen bysûnder. It wie it earste WK dêr’t ek froulju oan meidienen. Boppedat wie Nederlân noch nea sa suksesfol as op dit WK yn eigen lân. Der waarden safolle priizen wûn, dat sawol de manlju as de froulju Algemien Kampioen waarden.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | De Krânse

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Wannear’t in keatser foar it earst in blommekrânse krige, is ûndúdlik. Wis is dat it yn it lêst fan de njoggentjinde iuw al barde. En wêrom? Miskien is it in symboalyske ferwizing nei de oliifkrâns dy’t atleten krigen by de Olympyske Spullen yn de Klassike Aldheid. Foar Fryske keatsers is de krânse faak wichtiger as eltse oare priis dy’t ferbûn is oan winst.

De krânsen by de Frouljus PC hearre alle jierren wer by de moaiste eksimplaren (foto: PERK Media)

Hiel soms wurde krânsen skonken oan freonen of oan oaren. Dan is der altyd sprake fan bysûndere omstannichheden. De krânse giet dan nei in siik famyljelid of wurdt soms op it grêf fan in dierbere efterlitten. De krânse stiet dan symboal foar in wichtige freonskip of in grutte tagedienens dy’t de keatser foar immen fielt.

2009: Marleen Bergma hinget har alderearste krânse oan it stânbyld fan har pake Hotze Schuil (foto: Walter Bergsma)

De krânse is sichtber by de priisútrikking en letter oan de muorre fan it hûs fan de keatser. It seit safolle as… Hjir wennet in keatser dy’t in haadpriis wûn hat. Hoe mear krânsen der hingje, hoe dúdliker it boadskip is. Se bliuwe it hiele seizoen hingjen. Oan it begjin fan it nije jier begjint eltsenien wer op nul.

De gevel fan Durk de Haan fan Penjum, oan de ein fan it keatsjier 1981. Der hingje 25 krânsen aan de gevel

Yn earder tiden hie de blommekrânse somtiden ek in oar boadskip. De ferneamde keatser Jan Reitsma Sr. út Penjum gie fanút syn doarp rinnend nei wedstriden ta en ek rinnend werom. As er in partij wûn hie en jûns let by it hûs fan syn oansteande kaam, lei er in tulp yn de hage. Sy wist dan oare deis dat har Jan wûn hie. It joech him yn it doarp de bynamme Jan Tulp.

Jan Reitsma, senior, yn 1902 as winner fan de Bûnspartij yn Wommels

Noch altyd is de krânse, mear as in slúf mei jild, it heechst berikbere. Keatsers geane net mear, lykas Jan Tulp, rinnend nei hûs. Mar keatsers sizze ús noch altyd… Tsjin de geur fan de blommekrânse op de efterbank fan de auto kin gjin inkele priis op.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | Frouljuskeatsen

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

De earste stimulâns foar it keatsen troch famkes en froulju kaam fan Pim Mulier út Wytmarsum. Hy wie ek de man dy’t yn 1909 soarge dat de Alvestêdetocht op redens in organisearre wedstriid waard. Yn 1915 organisearre hy in demonstraasjewedstriid foar keatsende famkes. Dochs duorre it noch lang foardat it frouljuskeatsen echt út de startblokken kaam. Earst yn de jierren sechtich begûnen mear froulju te keatsen, al gie it noch benammen noch om ledenwedstriden op ferieningsnivo. Yn de gemeente Baarderadiel, benammen yn Jorwert, kamen ek dielnimmers út de regio opdaagjen.

Froulju spylje in demonstraasjewedstriid yn Bitgum yn 1956

It duorre oant 1974, hast santich jier nei it ynisjatyf fan Pim Mulier, dat it keatsbûn begûn mei de organisaasje fan wedstriden foar froulju. Yn it begjin gie it om in pear wedstriden yn it jier. De earste Bûnspartij foar froulju, it Nederlânsk Kampioenskip, fûn plak yn 1978. Foar de famkes waard dit kampioenskip foar it earst organisearre yn 1984.

De Bûnspartij foar froulju yn 1984, yn Jorwert

Keatsferiening De Nije Kriich út Weidum organisearre yn 1977 de earste PC foar froulju. In slagge demonstraasje fan seis dameskeatsers yn it skoft foar de finale fan de PC foar manlju yn 1989 foel op. De publike belangstelling foar de Frouljus PC ferdûbele dat jier fuortendalik.

Anne Monfils op de Frouljus PC fan 2015. Der komme no alle jierren tûzenen minsken op ôf

Yn de jierren njoggentich fan de foarige ieu kamen der foar alle leeftiidskategoryën keatswedstriden oer it hiele seizoen. Dêrtroch gie it nivo omheech. In eksponint fan dy nije werklikheid wie Afke Hijlkema. Tusken 1996 en 2010 stie sy tolve kear yn de finale fan de Froulju’s PC. Dêrfan wûn sy der alve. Alve kear waard sy ek útroppen ta keninginne fan de partij, de bêste keatsster fan de dei dus.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<

FRL | De Houtene Aldehou

Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

De Aldehoupartij yn Ljouwert stelde yn 1917 in bysûndere wikselpriis beskikber. In replika fan de ferneamde toer de Aldehou, sa’n fyftich sintimeter heech, makke fan hout. Net allinnich it objekt sels wie bysûnder, mar ek de betingsten dy’t der oan fêst sieten. De wikselprys moast nammentlik nei trije jier definityf yn besit komme fan de keatser dy’t der yn útslaggen it measte rjocht op hie. Dat waard nei trije jier Jacob (of Jappie) Pieters Dijkstra út Menaam.

Ids Roukema, kening Jacob (Jappie) Pieters Dijkstra en Taede Zijlstra, winners fan de earste priis op de Aldehou-dei yn 1919 yn Louwert

Dijkstra makke, neidat er de houtene Aldehou definityf yn besit krige, in maatskiplike karriêre en ferhûze yn 1930 nei Batavia yn Nederlânsk Yndië. Hy naam al syn keatsprizen mei, wêrûnder de houten Aldehou.

Jappie Dijkstra mei de orzjinele Houtene Aldehou

De Twadde Wrâldoarloch bruts út en Nederlânsk Yndië waard beset troch Japan. Jappie Dijkstra waard oppakt. Hy siet oant de ein fan de oarloch yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de befrijing fan Nederlânsk Yndië kaam er werom nei Fryslân. Syn keatsprizen giene net mei werom. Dy wiene allegear ferdwûn yn de oarloch. Neist de medaljes, goudene horloazjes en oare earetekens wie ek de houtene Aldehou spoarleas ferdwûn. In tabaksfabryk stelde in sulveren eksimplaar beskikber.

Gjin Houtene Aldehou mear. Yn 1927 stelde de N.V. Tabaksfabriek ‘de Oldehove’ in sulveren Aldehou op een marmeren fuotstik beskikber

Keatsfreonen fan Dijkstra fernamen fia-fia dat de makker in twadde en identike houtene Aldehou makke hie. Dy bedarre by syn soan op it Amelân. De keatsfreonen stutsen de koppen by mekoar en woene dizze identike houtene Aldehou keapje en oan Jappie Dijkstra jaan.

Dat slagge.

En sa barde it, dat op in freedtejûn yn 1948 Jappie Dijkstra mei in ferlechje frege waard om nei in kafee yn Ljouwert te kommen. Dêr sieten syn âlde keatsmaten. Machiel Miedema út Frjentsjer naam it wurd en einige syn taspraak mei de oerlanging fan de houtene Aldehou oan Jappie Dijkstra. De gearkomst en oerlanging fan dit objekt is troch Dijkstra 20 jier letter ferteld oan Pier Burenga, dy’t it op bân fêstlein hat. Dêrop is dúdlik te hearren dat sels 20 jier nei de oerlanging Dijkstra syn emoasjes amper de baas koe.

Jappie Dijkstra, grutsk op de foto mei de Houtene Aldehou yn 1965

<<< Werom Nei Oerjoch <<<

FRL | Multimedia Tour | Alle Items

DEZE PAGINA IS OOK BESCHIKBAAR IN HET NEDERLANDS.

Yn ús multimediatour bringe wy in oantal foarwerpen út ús kolleksje noch better foar it fuotljocht. It binne foarwerpen wêroer wy graach mear fertelle en wêrby’t wy graach mear sjen litte as yn it museum mooglik is. Wy sette dy saken hjirûnder op in rychje. As je dizze side iepen hawwe, kinne jo altyd fluch ynformaasje fine oer de ûnderwerpen dy’t jo op dat stuit sjogge. As je ien fan de siden iepenje, fine jo ûnderoan dy side altyd wer in ferwizing werom nei sizze side.

 

De Krânse

 

Bracciale

 

Frouljuskeatsen

 

De Houtene Aldehou

 

Ynternasjonale Farianten

 

Keatsklau

 

Klaas Bijlsma

 

Klassemint Aller Tiden

 

Klaverke Fjouwer & De 4 Wimpels

 

Keningsbal PC