Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Yn de achttjinde en begjin njoggentjinde ieu hong der somtiden in keatsklau bûten oan in herberch. As dêr in keatsbal yn siet, betsjutte it dat der binnen immen wie dy’t in oar útdage om tsjin him te keatsen. Yn de measte gefallen wie de ynset in jildbedrach of it beteljen fan it drankjild nei ôfrin.

Keatsklauwen yn meardere soarten en maten. De komôf is net bekend.

Kastleins begûnen yn dizze perioade mei de organisaasje fan keatspartijen om sulveren keatsballen, tabaksdoazen, leppels, foarken en oare moaie objekten. Nei ôfrin wie der steefêst in priisútrikking yn herberch of kroech. De kastlein fertsjinne dêr in moai bedrach oan en guon keatsers ek. Dizze foarm fan keatsen hie ek in kearside. De faak negative útspattings – tink oan dronkenskip en fjochtpartijen – lieden ta delgong en ôftakeling fan de keatssport.

Yndirekt hat dizze wylde perioade sûnder echte regels oanlieding west foar de oprjochting fan de PC. Yn 1853 stutsen fiif Frjentsjerter notabelen de koppen byinoar en rôpen de Permanente Commissie yn it libben, ôfkoarte en bekend wurden as de PC. It doel wie de organisaasje fan in fatsoenlike en reglemintêre jierlikse keatswedstriid. Yn 1854 waard dizze PC-keatspartij foar it earst hâlden. De partij is útgroeid ta de wichtichste keatswedstriid fan it jier mei sa’n tsientûzen taskôgers.

O ja… Nuver, mar wier… It Keatsmuseum hat nea in foto fine kinnen fan in keatsklau, sichtber hingjend oan de gevel fan in herberch of kafee… Wy witte dat it barde. Bewiis yn de foarm fan byldmateriaal is der lykwols net.

 

<<<Werom Nei Oersjoch<<<