Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.
De basis fan de keatssport leit yn Noard-Frânske kleasterhôven, dêr’t yn de tolfde ieu it jeu de paume ûntstie. No wurdt it yn meardere farianten ûnder meardere nammen spile oer de hiele wrâld. De spultechnyk is eins altyd rjochte op it slaan fan de bal, sadat de tsjinstanner him net reglemintêr weromslaan kin. Keatsen komt yn Europa foar yn meardere farianten yn Nederlân, België, Frankryk, Itaalje, Spanje, Ierlân, Wales, Ingelân en Sweden. Dêrneist binne farianten fan de sport populêr yn Midden-Amearika, Sûd-Amearika en de Feriene Steaten.
Yn België is keatsen foaral bekend ûnder de Frânske skriuwwize Jeu de Pelote. It wurdt spile op in ferhurde ûndergrûn mei in trachterfoarmich spylfjild tusken twa ploegen fan fiif persoanen. Yn ‘e omkriten fan Charleroi waard ek it petite balle au tamis spile tusken ploegen fan njoggen keatsers. Ek yn Frankryk spilet men Jeu de Pelote sa’t dat yn België dien wurdt, al binne der ek yn dit lân regionale farianten.
Yn Spanje binne der yn ferskillende regio’s ôfwikende farianten. It Llargues wurdt spile yn ‘e omkriten fan Valencia tusken ploegen fan 3, 4 of 5 spilers. Dêr wurdt ek it Frontó spile, ien tsjin ien of twa tsjin twa. By it Baskyske spul, it Pelota Vasca, wurdt spile mei in foarmuorre, in eftermuorre en in sydmuorre.
De Spanjaarden brochten it keatsen nei Amerika. Yn Bolivia is it ûnder trije nammen bekend: Pelota Vasca, neamd nei de Baskyske fariant, Pelota de Mano (dat betsjut: spylje mei de hân) en Kajcha, in term út de taal fan de oarspronklike bewenners dy’t ‘mei de hân slaan’ betsjut.
Yn de ûndersteande video fan it Fries Film Archief sjochst histoaryske bylden fan meardere ynternasjonale farianten. De film lit ûnder oaren in demonsjstraasje sjen fan Jeu de Pelote, spile troch in team fan Belgyske keatsers, en aksjebylden fan in Baskyske fariant dêrfan.
It Amearikaanske hânbal is troch Ierske emigranten nei de Feriene Steaten brocht. It is de ienmuorre- fariant fan keatsen, dy’t om 2000 hinne yn West-Europa yn opkomst kaam ûnder de sammelnamme Wallball. De lêste jierren dogge ek de Nederlânske, of eins de Fryske, Wallball-spilers goed mei. Der is in lobby oan ‘e gong om fan Wallball úteinlik in Olympyske sport te meitsjen. Fan alle keatsfarianten is Wallball de iennichste balsport dy’t Olympyske ambysjes koesterje mei, omdat it yn in soad lannen op ferskate kontininten spile wurdt.
Yn 1928 is de CIJB (Confédération Internationale du Jeu de Balle) oprjochte, wêrby’t ek de KNKB oansluten is. De CIJB organisearret ynternasjonale toernoaien, dy’t takend wurde oan ien fan de oansluten lannen. De wichtichste toernoaien binne it Europeesk kampioenskip ien kear yn ‘e trije jier en it Wrâldkampioenskip, ek ien kear yn ‘e trije jier. Ek foar de jeugd (oant 19 jier) binne der ynternasjonale toernoaien. Op dizze toernoaien wurde trije farianten spile: it ynternasjonale spul, it Llargues en it Wallball. By in WK kin troch it organisearjende lân noch in pleatslike fariant taheakke wurde oan it toernoai.
Sa koenen de Nederlânske manlju en froulju by it WK 2012 yn eigen lân in gouden WK-medalje winne troch de sterkste te wêzen yn it Fryske spul. Dit WK wie om noch mear redenen bysûnder. It wie it earste WK dêr’t ek froulju oan meidienen. Boppedat wie Nederlân noch nea sa suksesfol as op dit WK yn eigen lân. Der waarden safolle priizen wûn, dat sawol de manlju as de froulju Algemien Kampioen waarden.