Troch nei űnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lűd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlęze litte troch hjirűnder op ôfspyljen te klikken.

De Aldehoupartij yn Ljouwert stelde yn 1917 in bysűndere wikselpriis beskikber. In replika fan de ferneamde toer de Aldehou, sa’n fyftich sintimeter heech, makke fan hout. Net allinnich it objekt sels wie bysűnder, mar ek de betingsten dy’t der oan fęst sieten. De wikselprys moast nammentlik nei trije jier definityf yn besit komme fan de keatser dy’t der yn útslaggen it measte rjocht op hie. Dat waard nei trije jier Jacob (of Jappie) Pieters Dijkstra út Menaam.

Ids Roukema, kening Jacob (Jappie) Pieters Dijkstra en Taede Zijlstra, winners fan de earste priis op de Aldehou-dei yn 1919 yn Louwert

Dijkstra makke, neidat er de houtene Aldehou definityf yn besit krige, in maatskiplike karrięre en ferhűze yn 1930 nei Batavia yn Nederlânsk Yndië. Hy naam al syn keatsprizen mei, węrűnder de houten Aldehou.

Jappie Dijkstra mei de orzjinele Houtene Aldehou

De Twadde Wrâldoarloch bruts út en Nederlânsk Yndië waard beset troch Japan. Jappie Dijkstra waard oppakt. Hy siet oant de ein fan de oarloch yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de befrijing fan Nederlânsk Yndië kaam er werom nei Fryslân. Syn keatsprizen giene net mei werom. Dy wiene allegear ferdwűn yn de oarloch. Neist de medaljes, goudene horloazjes en oare earetekens wie ek de houtene Aldehou spoarleas ferdwűn. In tabaksfabryk stelde in sulveren eksimplaar beskikber.

Gjin Houtene Aldehou mear. Yn 1927 stelde de N.V. Tabaksfabriek ‘de Oldehove’ in sulveren Aldehou op een marmeren fuotstik beskikber

Keatsfreonen fan Dijkstra fernamen fia-fia dat de makker in twadde en identike houtene Aldehou makke hie. Dy bedarre by syn soan op it Amelân. De keatsfreonen stutsen de koppen by mekoar en woene dizze identike houtene Aldehou keapje en oan Jappie Dijkstra jaan.

Dat slagge.

En sa barde it, dat op in freedtejűn yn 1948 Jappie Dijkstra mei in ferlechje frege waard om nei in kafee yn Ljouwert te kommen. Dęr sieten syn âlde keatsmaten. Machiel Miedema út Frjentsjer naam it wurd en einige syn taspraak mei de oerlanging fan de houtene Aldehou oan Jappie Dijkstra. De gearkomst en oerlanging fan dit objekt is troch Dijkstra 20 jier letter ferteld oan Pier Burenga, dy’t it op bân fęstlein hat. Dęrop is dúdlik te hearren dat sels 20 jier nei de oerlanging Dijkstra syn emoasjes amper de baas koe.

Jappie Dijkstra, grutsk op de foto mei de Houtene Aldehou yn 1965

<<< Werom Nei Oerjoch <<<