Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Dit is in skilderij fan in ûnbekende master en it âldste objekt yn ús kolleksje, dêr’t in foarm fan keatsen op ôfbylde is. Ut ûndersyk nei de âldens fan de list docht bliken, dat it nei alle gedachten giet om in skilderij út de 17e ieu. It is net wis wa’t de skilder is, mar mooglik giet it om de Flaamske master Hiëronymus Janssens (1624 – 1693).

De spulfoarm dy’t jo sjogge, is Bracciale. It is in keatsfariant dêr’t de spilers mei in hânbeskerming fan lear of hout in mei lucht fulde bal hinne en wer spylje. De houtene want kin wol twa kilo swier wêze. Yn literatuer wurde de termen Bracciale en ballonspul trochinoar brûkt.

(foto: CNN)

Nei alle gedachten ûntstie dizze fariant yn it midden fan de 15e ieu oan it hôf fan in aadlike famylje yn it Noard-Italiaanske Ferrara. Dêr bleau it net by. It spul ferspriede him oer grutte parten fan West-Europa. Der binne betroubere oanwizings dy’t sjen litte dat it spul yn de 16e ieu bekend wie yn it noarden fan Nederlân.

Bracciale, hjir spile yn Florence (bylden: CNN)

It is sels mooglik, of eins sa goed as wis, dat it spul op de keatsbaan noardlik fan it Sjûkelân hjir yn Frjentsjer spile waard troch studinten. Dat wie dan yn de earste helte fan de 17e ieu. Frjentsjer wie doe noch in stêd mei in universiteit.

In âld spul dus, hûnderten jierren âld sels. Betsjut dat, dat dizze fariant ferdwûn is? Nee, dat net! It wurdt noch alle jierren spile yn de Italiaanske stêd Treia, sa’t jo sjogge op dizze YouTube-bylden út 2022.

<<< Werom Nei Oersjoch <<<