Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.
Klaas Bijlsma fan Frjentsjer, ek wol bekend as Mister PC, wie in Nederlânske politikus, notaris en advokaat. Yn de keatssport is er benammen bekend as de langst sitttende foarsitter fan de PC. Hy beklaaide dy funksje fan 1929 oant 1973. Om dy reden waard er beneamd ta Lid fan Fertsjinste fan it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn. Syn rekôr sil nea ferbrutsen wurde, omdat der yn ‘e tuskentiid fêststeld is dat de foarsitter fan de PC nei syn santichste libbensjier ferplichte is om út de kommisje te stappen.
Master Bijlsma hie as advokaat en politikus goed leard om yn it iepenbier te sprekken. It wie in talint, dat er as foarsitter fan de PC faak en graach brûkte. Syn taspraken wiene lang en ynhâldlik fol ferwizings nei sowol de aktualiteit as de Grykske en Romeinske mytology. Yn it ûndersteande fragmint leit Bijlsma út wêrom’t er himsels, blykber wiene der kritisi dy’t dat fûnen, sa faak werhelle.
Op de PC hâlde er sels middeis in rede fan in oere. Net eltsenien koe dat wurdearje. Benammen keatsers hiene der in hekel oan. Der is in foto fan PC-winner Hein Zijlstra út Deinum dy’t in bytsje mismoedich stiet te harkjen.
By de PC fan 1942 is Bijlsma net oanwêzich. Hy waard oppakt troch de Dútske besetter en oerbrocht nei Kamp Beekvliet yn Sint Michielsgestel. Hy wegere akten te passearjen wêrmei’t Joadsk eigendom oerdroegen waard oan de besetter. It Keatsmuseum hat yn 2021 in sigarekistje krigen dat yn septimber 1943 as priis ferkeatst waard yn it ynternearringskamp.
Klaas Bijlsma wie op dat momint al frijlitten. Master Bijlsma wist dat der yn Sint Michielsgestel keatst wurde koe, en it is dus tinkber dat hy derfoar soarge hat dat it sigarekistje as keatspriis yn Sint Michielsgestel bedarre. Mar om’t er dêroer letter nea wat ferteld hat, bliuwe der in soad fragen oer. Hoe kaam it dêr yn Sint Michielsgestel? Wa hat de priis wûn? Siet it fol mei sigaren of dochs wat oars? En wa hat it nei de oarloch bewarre?
It is hoe dan ek in bjusterbaarlike keatspriis. Bjusterbaarlik is in Frysk wurd dat master Bijlsma faak en graach brûkte. Dêrtroch is it gefoelsmjittich sterk ferbûn oan de PC. It wurd wurdt brûkt as eat grutte ferwûndering opropt en dat is wis by de PC foar in soad minsken it gefal.
Klaas Bijlsma ferstoar yn 1975 yn syn berteplak Frjentsjer.