Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Dizze PC-keningsbal is nei mear as hûndert jier noch altyd it heechst berikbere foar keatsende manlju. De PC, de Permanente Kommisje, waard yn 1853 oprjochte om it keatsen, dat yn finansjele noed siet, te behâlden. De partij is no de meast oansprekkende keatspartij fan it jier en ien fan de âldste noch besteande sporteveneminten yn Nederlân. De keningpriis is yn it Fryske keatsen tradisjoneel foar de bêste keatser út it winnende trijetal, keazen troch in spesjale kommisje, wêrfan de leden meastentiids geheim bliuwe.

De krânse en de keningsbal om de nekke van Pieter van Tuinen, nei ôfrin fan de PC fan 1997

De Kommissaris fan de Kening skonk dizze keningbal by it tritichjierrich bestean fan de Permanente Kommisje yn 1883. Syn persoanlike wapen stiet op de efterkant, op de foarkant stiet in keatstafriel. Op de bal stiet ek in fers fan njoggen rigels. It is skreaun troch de deputearre Jacobus van Loon (1821 – 1903). Der wie in wedstriid útskreaun om gedichten te sammeljen. It is twiveleftich oft dit it bêste fers wie. De Fryske folksdichter Waling Dykstra (1821 – 1914) skreau in fers dat nei alle gedachten better wie, mar dat waard net keazen. It liket derop dat de Kommissaris om persoanlike redenen foar it fers fan Van Loon keazen hat.

De 120e PC yn 1973. Sjouke de Boer krijt de keningsbal omhongen troch prinsesse Beatrix. Prins Claus soe sein hawwe: “U bent nu koning, ik ben slechts een prins…”

Mar ien kear yn de lange skiednis fan de PC waard de keningbal wegere. Reitse Mienstra wegere de priis yn 1971 om godstsjinstige redenen. As Jehovatsjûge fûn er dat er himsels net boppe syn keatsfreonen stelle mocht. Piet Jetze Faber wegere nea en dat hoecht ek net. Hy helle fjouwer keningstitels op de PC, noch altyd in rekôr.

Net eltsenien wit dat der eins twa keningsballen binne. Jo sjogge no nei it orizjineel. Omdat de bal fan grutte wearde is, hat de PC in replika meitsje litten. Ien kear yn it jier ferlit it orzjineel dit museum. By de priisútrikking kriijt de winner dy omhongen.

Lykwols, bûten it each fan it grutte publyk wurdt it orizjineel gau ferfongen troch de replika. Dy mei mei it feest yn en dan mei nei hûs. It orizjineel giet fuortendalik werom nei it museum, dêr’t wy it efter befeilige glês yn it sicht fan de kamera’s bewarje.

De PC is in barren dêr’t jo eins by wêze moatte om it echt te belibjen. Understeande lûdsopname jout in ympresje fan de finale fan 2018. De wedstriid einige mei alles oan’e hang. Dat is it momint yn de wedstriid wêryn beide keatsende partijen it maksimaal oantal te beheljen punten hawwe, op ien nei. Dat makket de folgjende slach allesbeslissend. In soarte fan golden goal dus. Wa’t de lêste slach wint, wint de PC.

 

<<<Werom Nei Oersjoch<<<