Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.
De earste stimulâns foar it keatsen troch famkes en froulju kaam fan Pim Mulier út Wytmarsum. Hy wie ek de man dy’t yn 1909 soarge dat de Alvestêdetocht op redens in organisearre wedstriid waard. Yn 1915 organisearre hy in demonstraasjewedstriid foar keatsende famkes. Dochs duorre it noch lang foardat it frouljuskeatsen echt út de startblokken kaam. Earst yn de jierren sechtich begûnen mear froulju te keatsen, al gie it noch benammen noch om ledenwedstriden op ferieningsnivo. Yn de gemeente Baarderadiel, benammen yn Jorwert, kamen ek dielnimmers út de regio opdaagjen.
It duorre oant 1974, hast santich jier nei it ynisjatyf fan Pim Mulier, dat it keatsbûn begûn mei de organisaasje fan wedstriden foar froulju. Yn it begjin gie it om in pear wedstriden yn it jier. De earste Bûnspartij foar froulju, it Nederlânsk Kampioenskip, fûn plak yn 1978. Foar de famkes waard dit kampioenskip foar it earst organisearre yn 1984.
Keatsferiening De Nije Kriich út Weidum organisearre yn 1977 de earste PC foar froulju. In slagge demonstraasje fan seis dameskeatsers yn it skoft foar de finale fan de PC foar manlju yn 1989 foel op. De publike belangstelling foar de Frouljus PC ferdûbele dat jier fuortendalik.
Yn de jierren njoggentich fan de foarige ieu kamen der foar alle leeftiidskategoryën keatswedstriden oer it hiele seizoen. Dêrtroch gie it nivo omheech. In eksponint fan dy nije werklikheid wie Afke Hijlkema. Tusken 1996 en 2010 stie sy tolve kear yn de finale fan de Froulju’s PC. Dêrfan wûn sy der alve. Alve kear waard sy ek útroppen ta keninginne fan de partij, de bêste keatsster fan de dei dus.