Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

It Klassement Aller Tiden komt ta stân troch it optellen fan alle behelle resultaten fan senioaren-wedstriden op it heechste nivo. In earste priis telt foar trije punten, in twadde priis foar twa punten en in tredde priis foar ien punt. Jierrenlang stie Hotze Schuil fan Harns boppe-oan yn it klassemint mei 876 punten, ûnder oaren troch 185 earste prizen te winnen.

Hotze Schuil, master yn it bespyljen fan it publyk (foto: Sjoerd Andringa)

It like in net te ferbetterjen oantal oant Piet Jetze Faber op 14 septimber 1990 it rekôr ferbettere. Hy wûn 188 kear in earste priis en in totaal fan 885 punten. Dêrmei ferbruts er it ûnberikbere rekord.

Piet Jetze Faber yn aksje

Wie it rekord fan Piet Jetze Faber dan ûnberikber?

Lang waard tocht fan wol. Mar Taeke Triemstra keatste lang troch stie ein 2022 al op 859 punten. Mear as twahûndert oerwinnings en noch hieltyd aktyf. As ien it rekôr ferbrekke koe, wie hy it. En dat barde dus ek. Sûnt de Rengersdei yn Ljouwert yn 2023 is Triemstra de meast súskesfolle keatser aller tiden en is Piet Jetze Faber syn mear as tritich jier âlde rekôr kwyt.

It seit in soad, mar net alles. Der steane in soad populêre en grutte keatsers yn de Top 10. Tink oan Sake Saakstra, Chris Wassenaar, Klaas van Wieren en Johannes Brandsma. Taede Zijlstra is de âldste keatser yn de list. Hy wûn it Klaverke Fjouwer, wûn njoggen kear de PC en hâlde yn 1942 op mei keatsen. Nei in slimme sykte ferstoar er yn 1946 op 45-jierrige leeftiid. Alle oare keatsers yn it klassemint kamen (lang) nei de Twadde Wrâldoarloch noch yn aksje, doe’t it oantal offisjele keatswedstriden tanaam en de kâns op it winnen fan in priis dus ek.

By de froulju is Afke Hijlkema ûnoantaastber. Se wûn 205 earste priizen en sammele 811 punten. Op it twadde plak stiet Géjanna Buma. Sy behelle, troch 169 prizen, in puntetotaal fan 705. De iennichste noch aktive keatsster yn de Top 10 is Manon Scheepstra. Sy stiet op it tredde plak. Om oan de absolute top fan it klassemint te kommen, sil sy noch jierren keatse moatte. It jout mar oan hoe útsûnderlik de sifers fan Afke Hijlkema binne.

Der stiet dus mar ien keatser yn dy’t foar de oarloch yn aksje kaam. Der binne keatsers dy’t njoggen kear de PC wûnen, mar dy’t net foarkomme yn de top fan it klassemint. Foar de oarloch en tusken 1853 en 1946 waarden klassementen wol byhâlden, mar net altyd like sekuer.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<