Troch nei ūnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lūd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlźze litte troch hjirūnder op ōfspyljen te klikken.
It Klaverke Fjouwer is in priis foar manlike keatsers dy’t fjouwer wichtige en klassike keatspartijen wūn hawwe: de PC, de Būnspartij, de Jong Nederlān en de Freulepartij. De priis is ynsteld troch de PC. De priis is net foar alle keatsers weilein. Dat komt trochdat keatsers oare goeie keatsers nedich hawwe dy’t foar deselde feriening śtkomme. By de PC kinne keatsers sels kieze mei wa’t se keatse wolle. De oare partijen binne ōfdielingspartijen, wedstriden dźr’t keatst wurdt mei keatsers śt itselde doarp of śt deselde stźd. In goeie keatser mei minder goeie maten binnen deselde feriening hat dźrom minder kāns.
Nettsjinsteande dat is it in wichtige priis. Binnen de keatswrāld sels ien fan de belangrykste, al is it mar omdat der mar trettjin keatsers binne dy’t it slagge om dizze fjouwer partijen op harren namme te skriuwen. Ids Jousma wie yn 1920 de earste winner. Hans Wassenaar yn 2017 de lźste. Wassenaar ferwurde fuortendalik nei it winnen fan de Būnspartij en it Klaverke Fjouwer, op in hiel moaie wize, it belang fan de priis foar de keatsers: “Hjir haw ik alles foar dien, dat siet hiel djip.”
Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 de keatsers dy’t it Klaverke Fjouwer it fluchst hellen: fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wūnen sy de Būnspartij en de PC. Ids Jousma hie yntiids de Jong Nederlānpartij wūn, Seerden wūn dizze yn itselde jier as de oare twa.
It is te tankjen oan de organisaasje fan de Ald Meierspartij yn Hitzum, oprjochte om it famkeskeatsen te stimulearjen, dat der no ek in fariant op it Klaverke Fjouwer is foar froulju. Dy neame wy De 4 Wimpels. De Ald Meierspartij is foar famkes wat foar jonges de Freulepartij yn Wommels is: de wichtichste partij fan it jier. Foar De 4 Wimpels moat in keatsster de Ald Meierspartij winne, de Jong Famme Partij, de Frouljus PC en de Būnspartij foar froulju (troch it keatsbūn ek wol it NK Froulju neamd).
De 4 Wimpels binne in stik jonger as it Klaverke Fjouwer. Dat komt ūnder oaren omdat de Jong Famme partij (in partij foar junioaren) pas yn 2004 foar it earst ferkeatst waard. Dźrom binne der mar, of dochs al, seis keatssters dy’t De 4 Wimpels yn besit hawwe. Byldhouwer Hans Jouta fan Ferwert, dy’t ek it stānbyld fan Johan Cruijff makke hat dat foar de Johan Cruijff Arena yn Amsterdam stiet, hat it ūntwerp foar de priis makke. Juwelier Auke Kramer śt Frjentsjer hat it earste eksimplaar makke.