Troch nei ûnderen te scrollen fine jo mear media: foto, video en lûd. Jo kinne dizze tekst ek earst foarlêze litte troch hjirûnder op ôfspyljen te klikken.

Wannear’t in keatser foar it earst in blommekrânse krige, is ûndúdlik. Wis is dat it yn it lêst fan de njoggentjinde iuw al barde. En wêrom? Miskien is it in symboalyske ferwizing nei de oliifkrâns dy’t atleten krigen by de Olympyske Spullen yn de Klassike Aldheid. Foar Fryske keatsers is de krânse faak wichtiger as eltse oare priis dy’t ferbûn is oan winst.

De krânsen by de Frouljus PC hearre alle jierren wer by de moaiste eksimplaren (foto: PERK Media)

Hiel soms wurde krânsen skonken oan freonen of oan oaren. Dan is der altyd sprake fan bysûndere omstannichheden. De krânse giet dan nei in siik famyljelid of wurdt soms op it grêf fan in dierbere efterlitten. De krânse stiet dan symboal foar in wichtige freonskip of in grutte tagedienens dy’t de keatser foar immen fielt.

2009: Marleen Bergma hinget har alderearste krânse oan it stânbyld fan har pake Hotze Schuil (foto: Walter Bergsma)

De krânse is sichtber by de priisútrikking en letter oan de muorre fan it hûs fan de keatser. It seit safolle as… Hjir wennet in keatser dy’t in haadpriis wûn hat. Hoe mear krânsen der hingje, hoe dúdliker it boadskip is. Se bliuwe it hiele seizoen hingjen. Oan it begjin fan it nije jier begjint eltsenien wer op nul.

De gevel fan Durk de Haan fan Penjum, oan de ein fan it keatsjier 1981. Der hingje 25 krânsen aan de gevel

Yn earder tiden hie de blommekrânse somtiden ek in oar boadskip. De ferneamde keatser Jan Reitsma Sr. út Penjum gie fanút syn doarp rinnend nei wedstriden ta en ek rinnend werom. As er in partij wûn hie en jûns let by it hûs fan syn oansteande kaam, lei er in tulp yn de hage. Sy wist dan oare deis dat har Jan wûn hie. It joech him yn it doarp de bynamme Jan Tulp.

Jan Reitsma, senior, yn 1902 as winner fan de Bûnspartij yn Wommels

Noch altyd is de krânse, mear as in slúf mei jild, it heechst berikbere. Keatsers geane net mear, lykas Jan Tulp, rinnend nei hûs. Mar keatsers sizze ús noch altyd… Tsjin de geur fan de blommekrânse op de efterbank fan de auto kin gjin inkele priis op.

<<<Werom Nei Oersjoch<<<