Sjukelan

Kaatsgedicht | It Sjûwkelân 1893

Wijze:Mijn Victoria.

It Sjûwkelân 1893

Kom, lit ús nou ris mei ’n oar sjonge,

Nou ’t fjirtich jierren is forlyn,

Dat hjir to Frjêntsjer yn ‘e merke,

De keatsparty al het bestien.

Yn trijenfyftich, sa ’t wy witte,

Kaem hjir de saek foar goed ta stân,

En jier op jier is ’t hjir nou keatsen,

Op Kalahey of ’t Sjûwkelân.

’t Glês nou yn ‘e hân,

Op it Sjûwkelân,

Klinke en drinke, tralala.

 

Alear moast dit in Molckewey  hjitte,

Do ’t Sjaerdema syn hûs fordwoun,

It Sternse Slotland hjitte it letter,

En folle jierren binn’ forroun.

Dat wy ’t it Sjûwkelân nou neame,

Hwer ’t keatsen goed giet fen ‘e hân,

Sadat er folle minscen komme,

Om ’t keatsen yn it Sjûwkelân.

’t Glês yn ‘e hân,

Op it Sjûwkelân,

Klinke en drinke, tralala.

 

Fen namme is ’t dos faek feroare,

Mar ’t bliuw yet altyd goed ynstân.

Ek as ze yn Frjentsjer keatse scille,

Den mat it yn it Sjûwkelân.

Kom, lit ús ’t âlde Sté bidrinke,

Hwer ’t eren Sjaerdema bistie,

It âlde mat ús hillich wêze,

Elts doch’ syn bûrman goed biskie.

’t Glês yn ‘e hân,

Op it Sjûwkelân,

Klinke en drinke, tralala.

 

Bron: Feestliederen, ter gelegenheid van het 40 jarig bestaan van het Franeker Kaatsen(PC)

It is net bekind wa dit gedicht skreaun hat