Tetman de Vries

Kaatsgedicht | De âld-keatser van Tetman de Vries

Doe’t ik yn ‘e fleur wie, sa’n tritich jier lyn

De deale hwat koe ’k se doe reitsje.

Oan d’ opslach dêr lei ’k se der krekt tusken yn

Yn ’t perk koe ‘k myn plak ek skjin meitsje.

‘k Wie ien fan de bêsten, en ‘k ha hiel wat woun,

En ‘k bin wol fan Wier nei Wytmarsum ta roun.

 

Fan ’t reglement hien’ wy net folle lêst,

It koe yn myn tiid wol wat lije.

Wy bûtsten en parten en balflypken fêst,

Foar hwa moast in keatser him mije?

En kaam ‘w’ op it keatsfjld in moarnskoft te let,

Der waard net oer praet, né dat hindere net….

 

It keatsen fan hjoed ha ’k gjin hânwetter oan,

It keatsen sa as wy dat diene.

Wy fleagen bitiden ús tsjinpertij oan.,

As dy ús biskelme hiene.

Ja… doe wie der aksje en striid op it fjild,

’t Gong net om de eare, mar wol om it jild.

 

En sleepten wy eartiids in priis yn ‘e wacht,

Dan fierden wy feest mei de maten.

We dronken en klonken in gat yn ‘e nacht,

Der wie noch sa ’n bult to bipraten.

It ponkje moai licht, en de holle sa swier,

Sa kamen wy nachts dan, by ’t wiif oer de flier.

 

Sit ik nou by ’t keatsen, sa ’n inkelde kear,

Dan tink ik oan myn gloarje tiden….

Dan sjoch ik de keningen wer fan alear,

Mids harren stean ik wer to striden….

En dochs… wie ’k net âld en net stiif yn it krús;

Ik fielde my net yn ’e krite mear thús!

 

Dêrom freonen ’k jow jimm ’ hjoed dizze rie;

Stean net altyd klear mei forbieden.

It keatsen moat bliuwe lykas it doe wie,

It past net om der yn te rieren.

Wy moatte nei ’t keatsfjild fan myn tiid wer ta,

Us jonges  moatt’ earmslach by ’t keatsen wer ha.

 

De âldkeatser út de reveu”Rolje, rolje oer ús greiden”

 

Tetman de Vries

 

Bron:archief keatsmuseum