Kaatsgedicht | Frjeantsjerter Keatspartij.1868

Het betreft hier een gedicht dat als allereerste werd opgenomen in de Franeker Courant, volgens hun eigen zeggen.
De gedichten zijn overgenomen in de spelling zoals die toen gewoon was, dus niet gecorrigeerd naar het
hedendaags gangbare Fries of Nederlands. De schrijver van destijds wordt niet vermeld.

Frjeantsjerter Keatspartij.1868

Jowt, Friesen,Leauw’ ter draverij,

Of Harns of Snitser sîlparty,

Jimme alle nocht en wille,

To Freantsjer ha se ‘n oare nocht,

Dêr jimme-o, hoe moai bitocht-

Jim mei formeitsje scille.

 

Elk sjucht mei langst út nei de dei,

Wêrop de greate keatsparty,

’t Ald wiif fen ’t spinwiel jaget,

‘k Wed , hwa hjir den to Freantsjer komt,

Det het men jierren al fernomd

Him dêroer nea beklaget.

 

Hwer fint de bouboer greater nocht,

As him to Freantsjer ’t keatsen docht,

Né, as we hjir wer heare

Fen:”Seis en twa!! in keats! ho brik!

Wol, minsken, nou is ’t wer spil gelik!”

Den ken se wer ris beare.

 

Ja, as nou Woansdei ’t waer goed is,

Den ken men hjir, ik bin net mis,

Wol op de hollen rinne

Dos, borgers, dit nou ta bislút:

Stek Woansdei dochs de flagge út!

Wils ’t hja oan ’t keatsen binne.

 

Frjentsjer 26 juli 1868                  

Dit is het eerste gedicht opgenomen in de Franeker Courant. Het betreft de P.C. oftewel

het Frjentsjerter keatsen.

bron: Franeker Courant 26-07-1868-archief keatsmuseum