Johannes Brandsma skinkt postúm 50 eksimplaren fan syn eigen boek oan it Keatsmuseum

Op tongersdei 25 july komt der in twadde printinge út fan it boek DE BRAND. It libbensferhaal. Ut namme fan Johannes Brandsma, dy’t yn de nacht fan 30 op 31 maart 2023 ferstoar, skinkt skriuwer Edward Jorna 50 eksimplaren oan it Keatsmuseum. De opbringst is folslein foar it museum en dus foar it keatsen.

De ferkeap begjint dyselde jûns om 17.30 oere yn it Keatsmuseum krekt foarôfgeand oan de start fan de Keatsoff om it lêste PC-partoer oan te wizen. Fan de Keatsoff oant en mei de PC sil it boek foar €30,– te keap wêze yn it Keatsmuseum, nei de PC kostet it boek € 35,–.