Topkeatsers iepenje tentoanstelling


 

 

 

Yn it Keatsmuseum yn Frjentsjer hawwe 5 topkeatsers de wikseltentoanstelling “Kaatszilver sinds 1750 tot heden” op in bysûndere wize iepene. Roelie Kroondijk (winner Ald Meierspartij 2017), Sjanet Wijnia (PC-keninginne 2017), Melanie van der Mossel (winner Ouwe Griep), Marten Bergsma (winner Jong Nederland 2018) en Tsjisse Steenstra (winner seniorenbond 2018) iepenen de tentoanstelling troch in keatsshirt fan de sokkel te lûken. Sa waarden de âldst bekende sulveren bal fan 1750, de moderne bal fan Dyonda Spiegelaar, de Ouwe Griep fan Froubuorren, de Mulierbal fan de Jong Nederland en de Jan Bogtstrabal fan de Seniorenbond sichtber.

Op de foto de 5 keatsers yn aksje. Op de twadde foto bewûnderje ûntwerpster Dyonda Spiegelaar en topkeatster Sjanet Wijna de nijste keatsbal. [Foto’s Henk Bootsma]

It Keatsmuseum is fan tiisdei oant sneon iepen fan 13.00 oant 17.00 oere.