Yn de yn maart fan dit jier útkommen Keatsfreon is troch ien fan ús leden – in oantroud famyljelid fan de Wijmenga’s – in steurende flater ûntdutsen. Al hoe ferfelend ek foar de belutsen persoan(en), wy stelle har opmerksumens tige op priis. De auteur fan bedoeld artikel nimt dêr uteraard syn ferantwurding foar en wol dat ynearsten graach lâns dizze wei rjochtsette. Yn de bydrage oer ‘Frôlyskaatsen in Friesland’ stiet op side 20 net de keatsster Zus Wijmenga omskreaun, mar in nicht fan har, Jacoba Maaike Wijmenga, berne op 16-5-1929 en ferstoarn yn 2012. De auteur nimt sels kontakt op mei Zus Wijmenga – 82 jier no – om ien en oar persoanlik ta te ljochtsjen. Yn de Keatsfreon-2020 sil foarôfgeand oan diel twa oer it ‘Frôlyskaatsen’ ek noch in rektifikaasje pleatst wurde.
De redaksje fan de Keatsfreon,
Rektifikaasje Keatsfreon
/in Nieuws /door tinekeYn de yn maart fan dit jier útkommen Keatsfreon is troch ien fan ús leden – in oantroud famyljelid fan de Wijmenga’s – in steurende flater ûntdutsen. Al hoe ferfelend ek foar de belutsen persoan(en), wy stelle har opmerksumens tige op priis. De auteur fan bedoeld artikel nimt dêr uteraard syn ferantwurding foar en wol dat ynearsten graach lâns dizze wei rjochtsette. Yn de bydrage oer ‘Frôlyskaatsen in Friesland’ stiet op side 20 net de keatsster Zus Wijmenga omskreaun, mar in nicht fan har, Jacoba Maaike Wijmenga, berne op 16-5-1929 en ferstoarn yn 2012. De auteur nimt sels kontakt op mei Zus Wijmenga – 82 jier no – om ien en oar persoanlik ta te ljochtsjen. Yn de Keatsfreon-2020 sil foarôfgeand oan diel twa oer it ‘Frôlyskaatsen’ ek noch in rektifikaasje pleatst wurde.
De redaksje fan de Keatsfreon,