Wanneer
18 november 2022 20:00 / 22:00
Waar
Kaatsmuseum
Details
Beschrijving
Op 18 novimber wurdt rûnom yn Fryslân wer de ferhalejûn hâlden. It tema fan dizze jûn is: de ommekear. It Keatsmuseum docht dit jier ek wer mei. Ferteller fan dizze jûn is Johannes Bakker. Bakker wie dûmny yn Menaam, is mei emeritaat (pensjoen), mar preket sneintemoarns noch geregeld.
Bakker is in echte keatsleafhawwer. Sneintemiddeis is hy in trou besiker fan de keatspartijen. It wurdt gjin preek, mar wol in moai en nijsgjirrich ferhaal.
De titel fan syn ferhaal is:
KEATSEN EN TSJERKE
De ommekear: fan tsjininoar nei meiinoar.
Wêr? Keatsmuseum, Frjentsjer, Voorstraat 76
Hoe let? Jûns om acht oere.
Tige wolkom. Wa’t earst yn de roef komt hat kâns fan plak. De tagong is fergees. In frije bydrage is altyd wolkom.